Thús

15 september 2009 14:44

Wolkom op de NIJE ynternet side fan toanielferiening ‘Mei Nije Moed’.

Op dizze thússide treffe jo ynformaasje oer de toaniel feriening út Sumar lykas skiednis, aktuele ynformaasje, foto’s en de leste niis pûntsjes. Ien fan die leste niis pûntsjes is dat ‘Mei Nije Moed’ yn 2008 foar it earst meidien hat oan de Toanielkriich fan it Staf wat in goed resultaat oplevere, de ien nei heechte klasse en in jier letter mei it stik “Is Goed” al resultearret yn de heechste klasse! De Eareklasse! Jo begripe dat der dit jier wer hiel wat op de planken mat komme om dit moaie sukses beet te hâlden. 

Ek kinne jo hjirre de kaarten reservearje foar de foarstellingen dy’t te sjen binne yn Febrewaris. 

Hawwe jo nei oanlieding fan it besjen fan dizze side fragen krigen, oft hawwe jo belangstelling foar de feriening krigen, dan kinne jo ús in e-mailtsje stjoere troch op ‘kontakt’ te klikken.

Ek binne wy te finen op Hyves: www.mnmsumar.hyves.nl

Hjir kinne jo ‘hyves-freon’ wurde fan ús feriening, foto’s besjen en fansels in krabbel efterlitte!

 
Mei Nije Moed.

Leave a Reply

You must be logged in to post a comment.