De feriening

‘Mei Nije Moed’ is de toanielferiening fan Sumar. Dizze feriening is oprjochte yn 1980 (sjoch skiednis). In protte minsken en dan benammen Sumarders hawwe harren ynsetten foar dizze feriening. Sawol foar as efter de skermen. Spitigernôch hat der net elk jier in stik west, dat hie mei ferskate redenen te meitsjen. Lykwols ha der altyd minsken by dizze feriening belutsen west. In hokker foarm dan ek. ‘Mei Nije Moed’ is dan ek in feriening dy’t libbet yn ‘t doarp.

‘Mei Nije Moed’ hat altyd in doel: de besikers op in moaie en gesellige jûn te traktearjen want dat is wêr’t ‘Mei Nije Moed’ altyd wer mei dwaande is. De spilers en meiwurkers binne somtiden in kompleet winter skoft dwaande  foar dy  jûnen yn ’e kamp yn Sumar.  Somtiden wol spitich dat je sa lang dwaande binne en dan yn in pear jûnen alles wer oer is. Derom wolle wy graach mei ús stikken fuort te spyljen, of in útkeap is ek altyd mooglik. sadat wy ek oare minsken fan ús stik genietsje litte kenne.

‘Mei Nije Moed’ hat harren yn 2008 foar it earst opjûn foar de Toanielkriich fan de staf. Dat is in soarte fan kompetysje ûnder de toanielferienings fan Fryslân. Ferskate ferienings út Fryslân hawwe harren hjirby oansletten. Dat is hiel aardich want je kenne jo dan mjitte mei oare ferienings. It bringt wat ekstra ’s om in moai stik foar it ljocht te bringen. ‘Mei Nije Moed’ had spile yn de ien nij heechste klasse “ By utstek klasse”.

Mar ik wol hjirby ús SPONSERS ek efkes neame. Sûnder dizze sponsers is de winter foar in soad minsken wol hiel lang. Want sûnder sponsers, kenne wy gjin toanielstik foar it ljocht bringe! Der binne noch al wat kosten om in goeie produksje del te setten. Sjoch ûnder it kopke “sponsers” wa’t dit binne.

Ut namme fan Mei Nije Moed:

Geertje de Vries

Tineke Dorenbos

Tim Romkes

‘ Mei Nije Moed’