It lêste nijs

It doek falt nog lang net!

Wy binne wer op paed my “Op e Hichte”,

22 April en 23 april


Sûnt 1980 is toanielferiening Mei Nije Moed aktyf yn Sumar en binne der in protte prachtige foarstellings fersoarge.
Net allinnich yn Sumar, mar ek yn ferskate oare doarpen waard op fersyk spile.

Mei Nije Moed hat in soad hichtepunten mei makke; útferkochte jûnen yn it eigen Doarpshûs, meidwaan yn de allerheechste klasse fan de toanielkriich fan it STAF. It organisearjen fan de Ienakterfestivals yn Sumar, optredens tidens de strjitfestivals en de gastoptredens yn oare doarpen.

Djiptepunten wiene der ek, de lêste 3 seizoenen bygelyks moatsten de foarstellings, mei reden, ôfblaast wurde…
De tariedings yn 2014 (winterstik), 2015 (iepenloft) wienen yn folle gong en 2016 ( een lege pong)  . Spitich genôch koe it wurk dat der troch safolle minsken al ynstutsen wie net ta útfier komme. no binne

It is  dúdlik dat Sumar  ferlet hat oan in eigen toanielselskip yn it doarp. Foar it hjoeddeistige bestjoer set de skouders der under.

Der ferdwynt al safolle út de lytse doarpen.

Sumar lit it net safier komme en sette  mei syn allen de skouders der ûnder om ek yn de takomst moaie toanielstikken foar Sumar en omkriten del te setten.

Kom mei jo ideeën/oanmelding by it bestjoer.