Skiednis

Op 26 jannewaris 1980 hat de iepening fan (it nije) doarpshûs yn Sumar plakfûn. Om fan de iepening in feestlik gehiel te meitsjen gie Durk Tiekstra yn de hjerst fan 1979 by ferskate minsken del om mei-elkoar wat op de planken te bringen. Tjitske de Boer waard oanhelle foar de regy. By de iepening spile de ploech foar it publyk de frije produksje ‘Willem de Swijer’. Dit optreden smakke nei mear, de ploech naam it beslút om troch te gean en der waard in feriening oprjochte. In namme foar de feriening wie der noch net, die kaam in skoftke letter doe’t Hil Wiersma op de earste repetysje fan ‘Reboelje op Rispingestate’ sei: ‘wy gean der mei nije moed tsjin oan’. De namme fan de toanielferiening wie berne:

‘Mei Nije Moed’